Evangeelje fan de Wierheid

Evangeelje fan de Wierheid
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 140180 n.Kr.

It Evangeelje fan de Wierheid is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e gnostyske evangeeljes en waard ferlern waand oant der yn desimber 1945 tafalligerwize troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady twa Koptyske manuskripten fan weromfûn waarden dy't mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe leine. It iene werûntdutsene manuskript fan it Evangeelje fan de Wierheid is in frijwol folsleine ferzje yn it Achmimyske dialekt fan it Koptysk, wylst it oare in fragmintaryske oerlevering yn it Sahidyske dialekt is. It Evangeelje fan de Wierheid, dat oarspronklik yn it Gryksk skreaun wêze moat en datearret fan 'e perioade fan 140 oant 180, is wierskynlik it wurk fan 'e dissipels fan 'e gnostyske learmaster Falentinus, of mooglik fan de man sels. It wie bekend by de tsjerkfaar Irenaeus, dy't it ta ketterij ferklearre.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search